Foar as wy in nije wenning yn ús portfolio opnimme en op ‘e websit sette ha wy fan te foaren earst alles yngeand kontrolearre as it ferkeapjende boubedriuw ek bonafide is en as dizze net yn finansjele as juridyske saken ferwikkele binne wat in soepele ferkeap yn ‘e wei stean soe.
Dêrneist ha wy alle oanbeane wenten persoanlik yn Murcia besocht. Net allinne kinne wy sa garandearje dat, wat wy jo oanbiede, ek echt oerien komt mei wat op ‘e eigendomsakte stiet, mar wy kinne jo no persoanlik sels ynformearje oer it nivo en de ôfwurking fan de wenning en de omjouwing wêr ‘t it leit.
Wy hâlde persoanlik en nau kontakt mei de ferantwurdlike wurknimmers fan de ferkeapjende partij. Sa sitte wy ticht op it fjoer en kinne wy de mooglike nije ûntwikkelingen fuort oan ús kliïntele troch jaan. Ek kinne wy, troch dizze manier fan wurkjen, der wis fan wêze dat wy de skerpst mooglike prizen hantearje kinne.
It sprekt fansels dat jo der fan útgean kinne dat wy kontrakten sletten ha mei alle ferkeapjende partijen sadat wy foech hawwe by it bemiddeljen yn it ferkeap fan de wenningen.