NLENESFRGE

Finansjele tsjinsten

By de oankeap fan in wenning komme hiel wat juridyske en finansjele saken oan ’e oarder dy’t ôfhannele wurde moat. Foaral as de wenning yn Spanje stiet. Hoe moatte jo de keapsom foldwaan? Kontant,  as nimme jo in hypoteek? Wolle jo der allinne sa no en dan wenje, as wolle jo emigrearje?

 

Mei al dizze fragen kinne wy jo fierder helpe. Dat dogge wy net allinne .Dêrfoar  ha wy in partnerskip mei in finansjeel advys buro yn Murcia te sitten.   Fan ôf it momint dat jo, jo Spaanske dream wenning útsocht ha,  drage wy jo oan harren oer. Dit betûft en betrouber team kin jo fierder ynformearje oer alle juridyske bykomstichheden en dy witte alles ôf fan de beskikbere mooglikheden sa as b.g.l Hypoteken.

 

Jo hoe net bang te wêzen foar kommunikaasje problemen , want dit Spaanske advys buro hat in Nederlânske meiwurker wêr ‘t jo, jo saken yn jo eigen lânstaal mei beprate kin. Dat fielt al in hiel stik fertrouder. As jo dat winskje kin dizze meiwurker ek mei om te fertalen by it passearjen fan ‘e akte by de Spaanske notaris. Sa barde der gjin frjemde dingen op jo paad nei Spanje.

 

Om te witten hokker bedrach as jo krekt útjaan kin, eart jo de kar meitsje foar in wenning, dan kinne jo ek nei harren ynfo pagina gean op – Web adres komt noch- Dêr fine jo allerhanne finansjele en juridyske ynformaasje dy ‘t hearre by de oankeap fan ûnreplik goed yn Spanje en kinne jo sels berekkenje hoefolle hypoteek as jo krije kin en wat jo dat kostet.