NLENESFRGE

Oer Murcia

Murcia – Dêr wêr ‘t de sinne wennet

 

Murcia(sprek út as moersieja)is ien fan’e twa Spaanske autonomyske steaten

dy ‘t út ien inkele provinsje  bestiet. Dizze streek,  wêr ‘t de sinne folop skynt, leit tusken Alicante (noarden), Albacete(easten) en Almeria(Súdeasten) ynklemt.

Persys yn it midden fan ‘e Spaanske Middenlânske see. Costa ‘s  wurdt de kust fan dizze provinsje neamt, de” Costa Cálida” oftewol “de kus van de warmte”.

 

Murcia is oer it gehiel nommen, bekend om har sûn klimaat en om har al fan âlds bekende,  grutte fruit en griente produksje. Murcia  wurdt ek wol de fruittún fan Spanje neamt.

 

Gastronomysk blinkt se út om har ferskate tradisjonele gerjochten, mei in soart griente, of allinne mar griente as fruit as yngrediïnten.

 

It klimaat is troch it WHO(World Health Organisation)útroppen as it sûnste fan ‘e wrâld mei mear as 300 sinnige dagen (>3000 sinne oeren/jier) is dat te begripen. De temperatuer fan Murcia is trochelkoar hinne nommen sa’n 18 graden C  en oan’e kust is it noch wat heger. (Jannewaris trochelkoar nommen 12 gradenC en juli trochelkoar nommen sa’n 28 C)

De kust is 250 km lang en it únike dêrby is dat Murcia oan twa seeën leit; de middellânske see en de grutste binnesee fan Europa, de mar Menor.

 

Dizze binnensee is foarme troch in lange lân earm dy ‘t  de 170 km2 wetter oerflakte   ôfsûndert fan de middellânske see.

De temperatuer fan de mar Menor  is noch inkele graden heger as de temperatuer fan de middellânske see.

Murcia is dan ek in paradys foar de wettersporter, like goed yn as op it wetter.

 

Mar Murcia hat gâns mear as sinne, see en strân. It hat ek in oantal prachtige âlde steden. Cartagena is nei Cádiz de  âldste stêd fan Spanje en is ferneamd om har Romeinske en Cartaagse  bysûnderheden .

 

De Haadstêd fan Murcia mei har 500.000 ynwenners, is in moaie stêd mei in histoarysk, foar it autoferkear ôfslúten, sintrum. Dat moat men in kear sjoen ha yn je libben! Der binne gesellige terraskes, hearlik iten en prachtige gebouwen om te besjen, lykas de katedralen en net te ferjitten  it moaiste mienskipshûs fan Spanje, it casino de Murcia.

 

 Yn it skaadzjend ljocht fan ’e smelle strjitsjes fine jo prachtige lúkse winkeltsjes, dy ‘t sels yn grutte wrâldstêden net misstean soenen,  en dy ‘t wer oerrinne yn gesellige pleintsjes. Dêrneist fine jo yn ‘e bûtenwiken grutte moderne winkelsintra ‘s dy ‘ Amerikaansk oandogge, jo fine dêr ûnder oare winkels as; Ikea, H&M, C&A, Zara, ensfh ôfwiksele troch boetykjes, wen/dekoraasjes en fansels in hiele soad hoareka. In echt winkel paradys!

 

It kulturele libben yn Murcia is fan heech nivo. Teaters en konsertgebouwen, wêr ‘t  ferneamde artysten  optrede en it bekende “Jazz festival fan San Javier”

om mar ris wat te neamen. En dan binne der noch de tradisjonele Spaanske en lokale fiesta ‘s.  It is te folle om op te neamen mar geweldich moai om te sjen en om der ris ien te neamen:  yn Murcia stêd hâldt men, krekt nei peaske, de wike fan de maitiid “la Semana de la Primavera” mei de band  “Banda de la Huerta”.

De hiele befolking rint dan yn tradisjonele klaaiïng en de hiele stêd is ien grut plein mei muzyk en dûns.

 

Op ‘e slotdei is der dan in hiele grutte optocht dy ‘t oan ‘t djip yn ‘e nacht ta duorret mei as slot it ferbanen fan de sardine wat oergiet yn in grut fjoerwurk.

Mar ek de “Moros en Christianos “(moren en kristenen ) yn Cartagena en it wyn hynder feest yn Caravaca de la Cruz en Murcia is neist Tenerif en Aguilas dé plak om it Spaanske karnaval te fieren.

 

Fierder binne der prachtige bergen en lânskippen wêr ‘t de rivier de “la Segura”in wichtige rol spilet. It bewettert de rysfjilden fan Calasparra en hat,  de Valla de Ricote (fallei Fan Ricote), wêr ‘t it liket as hat de tiid stil stien, alhielendal útslipe.

 

De rivier “la Segura” Soarget der foar dat de provinsje en in gedielte  fan Alméria en Alicante fan wetter fersjoen wurde  en  is in útdaging foar fiskers en rafters.

 

Murcia besit 4 wyn gebieden . Jumilla is it measte bekend en Bullas is it âldste merk fan Spanje mei in offisjeel “denominación”.

Men kin dêr hearlik wyn priuwe en genietsje fan de lokale tapas, útstrekte gloaiende lânskippen , ôfwiksele mei geberchten en rivier dellingen.

 

Krekt as yn hiel Spanje fine jo ek yn Murcia natuerlike   saadswetters wêr ‘t men hearlik yn baaie kin. Dizze Spa ‘s wienen al bekend by de Romeinen, dy ‘t dizze streek eartiids útsochten om fan harren âlde dei te genietsjen. Fan dizze Spa ‘s

Binne Fortuna en Achena it meast bekend mar der meardere saadwetters.

 

Murcia is stadichoan ien fan de streken mei  de moaiste en útdagenste golfbanen. It stekt, Costa del Sol,  nei de kroan as it om oantallen top golbanen giet en dit sifer groeid allinne mar. Al mei al in prachtich plak om dêr ta te hâlden itsij permanint of mar foar in skoftsje.