In twongen ferkeap kin ôftwongen wurde troch de rjochtbank mar de eigner kin ek, ûnder druk fan de bank, ferkeapje moatte.
Ek falle hjir de hûzen ûnder dy’t de bank werom nommen hat, yn oerlis mei de eigeners, en wêr ‘t de bank no eigener fan is, mei de bedoeling, om dy op ‘e frije merkt te setten om wer te ferkeapjen.
Meastal binne dizze wenningen hiel ynteressant wat de priis oanbelanget en kin men faak ek in goede finansiering krije fan ‘e bank dy’t it pand te keap oanbiedt as men dêr in hypoteek ôfslút.
Der binne lykwols wol betingsten oan ferbûn by oan it oanbieden fan dizze wenningen. Net foar iderien binne se te sjen, dit om it yndividu te beskermjen fan wa ‘t de wenning yn besit hie.
Dizze foarwaarden binne twaliddich:
1 –b Dy’t der belang by hat moat him oanmelde fia in saneamde, Letter of Intent (LOI); in brief wêryn de jinge dy’t belangstelling hat him bekend makket wa ‘t hy as sy is en yn wat soarte fan pand as er yntresse hat. Disse brief moat nei de bank en dy wurdt dêr, ûnder beskerming fan de wet op privacy, hiel soarchfâldich behannele.
2- Foar it yntsjinjen fan in LOI moatte ús finansjele partners yn Spanje jo earst finansjeel screene, sadat der gjin falske hope m.b.t dizze kant fan ’e saak ûntstiet by de ferkeapjende partij.
Tink der wol om: Dizze panden en transaksjes freegje in tige hege diskreesje fan sawol de keaper mar noch mear fan de ferkeapjende partij .
Jo krije dan ek net, yn earste ynstânsje, kontakt mei de bank as mei de ferkeapjende partij. Jo krije alle ynformaasje, dy’t foar jo fan belang binne fan ús en nei ‘t jo it pand besocht ha, wêr ‘t jo yntresse foar ha, krije jo ynformaasje oer ferneamde eigner en bank.
Viver-en-España bliuwt ek, yn gearwurking mei ús Finansjele partner yn Spanje, jo saak behertigjen oan ’t fier, nei in eventuele oankeap, fan sa ‘n pand.
Jo Kinne, as jo yntresse hawwe foar soksoarte oankeap in formulier downloade troch op de folgjende link te drukken -komt meikoarten-
Dizze LOI wurdt jo oanbean troch ús finansjele partner yn gearwurking mei de bank en giet ek drekt wer nei harren werom. Se wurde troch de wet twongen om dizze gegevens allinne mar te brûken sa dat jo it eventuele pand keapje kinne.
Wy krije gjin ynsjoch yné finansjele details fan jo. wol krije wy de panden te sjen út de kategory dy ‘t jo oan jûn ha, en dy jouwe wy wer oan jo troch .